Drama Desk Award

Drama Desk Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar toaniel yn New York (stêd)
útrikt troch Drama Desk Organisation
frekwinsje 1x jiers
datum ein april
plak New York (New York)
ynsteld 1949
1e útrikking 1955
offisjele webside
www.dramadesk.org

De Drama Desk Awards binne in groep Amerikaanske toanielprizen dy't elts jier oan 'e ein fan april troch de Drama Desk Organisation útrikt wurde foar toaniel yn New York (stêd). Dy organisaasje waard yn 1949 oprjochte, hoewol't de earste útrikking fan 'e Drama Desk Awards pas yn 1955 plakfûn. De earste fjirtjin jier kamen inkeld off-Broadway en off-off-Broadway-produksjes yn oanmerking foar in Drama Desk Award, mar sûnt 1969 kinne ek Broadway-produksjes meitingje nei de prizen.

De Drama Desk Awards wurde no beskôge as ien fan 'e wichtichste Amerikaanske toanielprizen nei de Tony Awards. Dizze prizen wurde útrikt yn in grut tal kategoryen. De meast prestizjeuze dêrfan binne de Drama Desk Awards foar 'treflike akteur yn in toanielstik' en foar 'treflike aktrise yn in toanielstik'. Guon akteurs dy't datoangeande alris in Drama Desk Award wûn hawwe, binne Dustin Hoffman, Al Pacino en Catherine Zeta-Jones.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search